Adri de Boer

Adri de Boer

In hertferwaarmjende trûbadoer

Yn ieren en sinen in trûbadoer. De lietsjes fan sjonger-skriuwer Adri de Boer pakke dy by it hert. Tsien kear stie de Frysktalige sjonger mei syn lieten yn de finale fan it Fryske sjongfestival “Liet”. Twa kear wûn hy mei syn melodieuze fertolkings fan in eigen liet. Syn Frysktalige programma sit fol prachtige harksankjes troch himsels begelaat op gitaar of piano. Mankelyk en dan wer fleurichop. Altyd út it hert. Sa goed as alle komposysjes binne fan eigen hân, mar ek bewurkings fan Jacques Brel en Frans Halsema hearre ta syn wiidweidige oeuvre. Op Omrop Fryslân is gauris it populêre wurk fan de lietsjessjonger te hearren. In optreden fan dizze Fryske trûbadoer is oer alle boegen altiten in súkses.

 

 

Sunday04February

Waar: Doopsgezinde tsjerkje, Julianalaan, Bûtenpost

Aanvang: 15.30 uur

Entree: Foarferkeap en oan de seal € 8,50

Voorverkoop: Dropshop Liquorice + telefonisch 0511- 541444

Kaarten zijn beschikbaar via het voorverkoopadres of online te reserveren en betalen via deze site. Indien voorradig ook verkrijgbaar aan de zaal