It wie op in simmerjûn

It wie op in simmerjûn

Pier 21

Theo en Anneke ha elkoar fûn op lettere leeftyd. Theo helpt Anneke sa goed mooglik by it sykjen nei in knap plak yn in fersoargingstehûs foar har heit en mem, David en Wimmy. Dy binne sa âld dat sy der al lang net mear op út kinne mei David syn grutte hobby, it draaioargel. Mar David en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en hawwe hiel oare plannen. Sy binne fan doel om tegearre út it libben te stappen, dit nei in lêste dûns op ‘It wie op in simmerjûn’. It stik lit fjouwer minsken sjen dy’t plannen meitsje hoe’t it fierder mei it libben moat. Mar it libben giet somtiden syn eigen gong … Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje sawol it jonge as it âlde stel. yn dit nije stik fan Bouke Oldenhof. In stik, regy fan Jos Thie, wêryn’t – krekt as yn ‘Feteranen’ – humor en tragyk op in moaie wize hân yn hân gean

woensdag13maart

Waar: Sealesintrum The Point

Aanvang: 20.00 uur

Entree: Foarferkeap en oan de seal: €18,50

Voorverkoop: Dropshop Liquorice

Het programma is rond. Bekijk hier ALLE VOORSTELLINGEN en reserveer op tijd!