Libbene stiennen

Libbene stiennen

Piter Wilkens

Yn “Libbene Stiennen” stiet it ferhaal fan de midsieuske tsjerke sintraal. It ferhaal fan terpen, boeren, mûntsen, it leauwen en fansels de grutte saken fan it libben. Wy harkje nei prachtige lieten skreaun út leafde foar dy Fryske tsjerken, de skiednis en de natoer. Piter Wilkens wurdt bystien troch syn fêste begelieders  Ytzen Peterson op gitaar en Willo de Bildt op (kontra-)bas. Yn 2015 hat Piter Wilkens de muzykfoarstelling “Libbene Stiennen skreaun, dit yn it ramt fan it 45-jierrich bestean fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. “Libbene Stiennen is in lofliet wurden op de autentike midsieuske doarpstsjerke en it ûnmisbere plak fan de ‘tsjerke’ yn it Fryske lânskip. Bysûnder om te neamen is dat it tsjerkje fan Augsbuurt, yn 1971, de earste oanwinst wie fan de  Stichting.

Sunday20January

Waar: Tsjerkje Augsbuurt

Aanvang: 15.30 uur

Entree: Foarferkeap: €11.00 / Oan de doar: €12,50

Voorverkoop: Dropshop Liquorice

Kaarten zijn beschikbaar via het voorverkoopadres of online te reserveren en betalen via deze site. Indien voorradig ook verkrijgbaar aan de zaal