Tet Rozendal en Hilbert Dijkstra – de brekbere cirkel

Tet Rozendal en Hilbert Dijkstra – de brekbere cirkel

Tet Rozendal en Hilbert Dijkstra

De brekbere sirkel is in swingende Frysktalige muzykteaterfoarstelling oer in o sa begrutlik leafdesferhael fol mei Amerikaanske rootsmuzyk mei akteurs Tet Rozendal en Hilbert Dijkstra en de muzikanten Gurbe Douwstra, Wander van Duin, Jan de Vries en Tseard Nauta.

Elise ( Tet Rozendal) en Didier (Hilbert Dijkstra) belibje tegearre de wiere leafde. Mar at harren Maybelle siik wurdt en ferstjert sjogge wy twa folslein ferskillende reaksjes. Didier wurdt kûgelsk en Elise syket treast. Wat bart der mei in minske at jins bern, dêr wêr’t je meast fan hâlde, fan je ôfnaam wurdt? It fertriet is dan sa grut dat je it net ha, mar it gewoan binne.

Elise fynt lykwols in útwei. Se belibbet har ultime finale: noch ien kear treedt se op mei Didier en harren band. Se spylje nûmers fan Johnny Cash, Alisson Kraus, Emmylou Harris en Waylon Jennings. Wurd en muzyk wurde ien yn dizze o sa krêftige foarstelling. It ferhael is ek bekend wurden troch de filmferzje fan dizze “lovestory”; The broken circle breakdown.

Regy: Jan Arendz

Fryske Oersetting: Marijke Geertsma

Wednesday29March

Waar: Zalencentrum The Point

Aanvang: 20.15 uur

Entree: Foarferkeap: €17,50 en oan de seal € 18,50

Voorverkoop: Dropshop Liquorice + telefonisch 0511- 541444

Kaarten zijn beschikbaar via het voorverkoopadres of online te reserveren en betalen via deze site. Indien voorradig ook verkrijgbaar aan de zaal