Doede Veeman en Reizger – Frysk en folk

Doede Veeman en Reizger – Frysk en folk

Doede Veeman is al rom fjirtich jier aktyf as lietsjesjonger en muzikant. Hy bringt meast eigenmakke lieten oer saken dy’t him sa al dwaande hâlde, lykas fersmoarging, reedriden, oarloch, lytse bern, alkoholisme, relaasjes, ensafuorthinne. Fansels binne der ek balladen en koartswilige lieten by. Hy begeliedt himsels meastentiids op gitaar of akkordeon, mar bespilet ek ferskate oare, meast folksaardige, ynstruminten. Hy soarget yn syn program foar fariaasje, fan rock oant teare harksankjes en fan sigeunerswyskes oant tango, mar de teksten binne wol allegearre yn it Frysk. Reizger is in Fryske folkband. De band makket Frysk- en Ingelsktalige muzyk. De styl fan de muzyk hat foaral woartels yn de bluegrass mar ek yn Ierske en Ingelske folk.

Sunday27November

Waar: Túnkafee De Kruidhof

Aanvang: 15.30 uur

Entree: Foarferkeap € 8,50 / Oan de seal € 9,50

Kaarten zijn beschikbaar via het voorverkoopadres of online te reserveren en betalen via deze site. Indien voorradig ook verkrijgbaar aan de zaal