JM Teaterwurk: “HULDE!”

7 februari 2027

Arend en Geartsje binne 60 jier troud: Hulde! Dat moat fierd wurde fansels. De bern en bernsbern sjonge harren ta en dogge it ABC fan it libben. Dat bringt Arend en Geartsje werom yn de tiid. Fan doe’t se jong wiene en elkoar foar it earst seagen. De earste tút. In ferhúzing. Flower Power. Bern krije. Gjin wurk mear ha. Sykte dy’t der ynienen is. Sa glidet it hiele libben en de tiid foarby mei dêrby de muzyk dy’t doe te hearren wie. Hulde! is herkenber, ûntroerend en hilarysk tagelyk. Mei in grut ‘Och heden ja…’ gehalte. Skreaun troch Peer Wittenbols, oerset en bewurke troch Marijke Geertsma en Jan Arendz.

zondag
07
februari
Aanvang: 15:00 uur
Locatie: The Point
Entree: € 21,00 per ticket

 

Reserveringsformulier



Locatie