
Op Portret is in foarstelling mei ferskes, sketskes en oare nuveraardichheden dy’t troch in ferskaat oan typkes en karakters oer it fuotljocht brocht wurde. Hjoeddeiske minsken yn harren dwaan en litten wurde op in humoristyske wize tsjin it ljocht holden. Werkenbere sitewaasjes soargje foar in heech ‘Och heden ja!’-gehalte. De ymportFries, de âlden fan dagen mei harren rituelen en gewoanten, de fakânsjegongers en fansels de oandwaanlike Beitske en Harke Kietstra mei de fûgeltsjes yn it programma Hea komme oan bod. HympHamp bestiet út de akteurs Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga mei meiwurking fan de muzikanten Paul Siemensma en Anko Bouma.
Waar: Zalencentrum The Point
Aanvang: 15.30 uur
Entree: Foarferkeap € 10 / Oan de seal € 11
Het programma is klaar en ziet er weer veelbelovend uit. Kaarten zijn vanaf half augustus weer beschikbaar via het voorverkoopadres of voorafgaand aan de voorstelling aan de zaal, maar de online verkoop is vanaf heden mogelijk.