Yn “Libbene Stiennen” stiet it ferhaal fan de midsieuske tsjerke sintraal. It ferhaal fan terpen, boeren, mûntsen, it leauwen en fansels de grutte saken fan it libben. Wy harkje nei prachtige lieten skreaun út leafde foar dy Fryske tsjerken, de skiednis en de natoer. Piter Wilkens wurdt bystien troch syn fêste begelieders Ytzen Peterson op gitaar en Willo de Bildt op (kontra-)bas. Yn 2015 hat Piter Wilkens de muzykfoarstelling “Libbene Stiennen” skreaun, dit yn it ramt fan it 45-jierrich bestean fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. “Libbene Stiennen” is in lofliet wurden op de autentike midsieuske doarpstsjerke en it ûnmisbere plak fan de ‘tsjerke’ yn it Fryske lânskip. Bysûnder om te neamen is dat it tsjerkje fan Augsbuurt, yn 1971, de earste oanwinst wie fan de Stichting.
Waar: Tsjerkje Augsbuurt
Aanvang: 15.30 uur
Entree: Foarferkeap: €11.00 / Oan de doar: €12,50
Voorverkoop: Dropshop Liquorice