Marcel Smit waard grut yn it yllústere doarp De Westereen. Hy kocht syn earste gitaar yn 2010 mei airmiles dy’t hy sparre by de benzinepomp. It die bliken dat dit it wiere ynstrumint foar him wie. Syn earste sels skreaune nûmer waard oppakt troch Omrop Fryslân en Marcel wie ferkocht. Mear en mear Fryske ferskes folgen en ûnderwilens fine wy syn lieten heech werom yn de Fryske top 100. It ôfrûne en ek oankommend winterskoft kamen en komme wy Marcel tsjin op de Fryske podia. Mei Gurbe Douwstra en Piter Wilkens, mar ek mei Wander van Duin. By Pilat&Pilat komt Marcel solo del, siz mar “Poer-Lykme Allinnich”. Yn in yntym harkkonsert nimt Marcel ús mei lâns bekende en fansels nije nûmers.
Waar: Pilat&Pilat Twijzel
Aanvang: 15.30 uur
Entree: Foarferkeap: €8,50 / Oan de doar: €10,00
Voorverkoop: Dropshop Liquorice