-Deze activiteit gaat niet door. Kaarten kunnen worden geretourneerd bij het voorverkoop adres- Nei in súksesfolle rige foarstellingen as iepenloftspektakel oer de skiednis fan it skûtsje, giet ‘Myn Skip’ no it theater yn. In foarstelling oer hurd wurkjen en genietsje, oer lije en leafde, oer stoer en kwetsber, oer winne en ferlieze. Mar foaral ek ferhalen oer it skûtsje, fan wurkskip nei wenskip nei rekreaasjeskip. Ferhalenferteller Age Veldboom nimt it publyk op entûsjaste wize mei yn de wrâld fan it skûtsje, dy’t hy as gjin oar kin. It duo Ella & Herman spilet en sjongt de spesjaal foar dizze foarstelling skreaune lieten. De ferhalen, bylden en lieten soargje foar in ferbyldzjende reis troch 100 jier skûtsje histoarje.
Age Veldboom is in kuierjende ensyklopedy as it oer it skûtsje giet en jout ferskate kearen kommentaar by Omrop Fryslân en Omroep Max tidens it skûtsjesilen. Ella & Herman is in singer/songwritersduo út Fryslân. Ella de Jong sjongt en spilet piano, trompet en melodica. Herman Woltman spilet gitaar.
Waar: Zalencentrum The Point
Entree: Gekochte kaarten retourneren bij voorverkoop adres
Voorverkoop: Geld terug bij voorverkoopadres